Katalogus

Ik, Anna

Auteur(s)     Lida Dykstra
Utjouwer     Afűk
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 6273 4
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Anna (1709 – 1759), Londen, 1733
De ferbyntenis tusken de Ingelske prinsesse Anna en de Fryske steedhâlder Willem hinget oan in siden tried. Willem is in pear dagen foar it houlik ynstoart en leit no, bewusteleas en mei in swiere longűntstekking, op będ yn Somerset House. Der wurdt foar syn libben freesd.
Tsjin it befel fan har heit yn siket Anna him nachts op. De dokter riedt har oan om tsjin har ferloofde te praten. Miskien dat har stim him helpe kin om wekker te wurden. En Anna fertelt. Alle nachten nimt se Willem yn betrouwen oer de houliksproblemen yn har famylje, har ambysjes, har eangsten, mar ek oer de freugde dy’t se belibbet oan de muzyk fan Händel. Har bycht kin gjin kwea, fynt se. Hy heart har dochs net.
Ik, Anna is in relaas oer twa jonge minsken – sy skeind troch pokken en oergewicht, hy misfoarme troch in fergroeide ręchbonke – dy’t it slagget om fan in ferstânshoulik in leafdeshoulik te meitsjen.

Lida Dykstra, oant no ta bekend as skriuwster fan berneboeken, jout mei dizze histoaryske roman in prachtich byld fan it hoflibben en de politike yntriizjes yn de 18de ieu.

www.afuk.nl
www.nassau-en-friesland.nl


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010