Katalogus

Utopia

Sub titel     oersetting fan Piter W. Brouwer
Auteur(s)     Thomas More
Utjouwer     Utjouwerij Elikser/ Stifting ELF
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978-90-71560-03-3
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

De Utopia jout hope op in bettere wrāld. It boek bestiet śt twa parten. Yn it earste part sketst More allegear misstannen, dy't śs tsjintwurdich ek net hielendal ūnbekend binne: woekerferkeap fan produkten, misbrūk fan minsken, ymmorele spekulaasje, selsferriking, mar ek berne-arbeid, wat yn Europa fierhinne śtballe is mar oars op 'e wrāld noch rūnom foarkomt. De elite dy't ferantwurdlik is foar it belied is foaral dwaande mei selsferriking en bekroadet him net om de sosjale ferhāldingen. Fjouwer ieuwen letter sil Marx itselde sizze.

In it twadde part sketst Thomas More in bettere wrāld. De wurkdei bestiet śt 5 oeren, dat minsken tiid oer ha om harsels te ūntwikkeljen. Der binne ek goede mooglikheden om te reizgjen, fan baan te wikseljen en te studearjen. Opfallende skaaimerken fan Utopia binne fierder:

  • Der is frijheid fan godstsjinst.
  • Eutanasy is tastien foar deasike minsken dy't har lijen net mear ferneare kinne.

In moai foarbyld fan 'e omkearing fan wearden yn Utopia is dat kriminelen mei gouden keatlings fźstset wurde. Sa leare de bewenners fan Utopia om goud as wat ferachtliks te sjen. En as būtenlanners har mei goud beynfloedzje wolle, sille se net nei har harkje wolle.

De auteur Thomas More wie in persoanlike freon fan Erasmus. Hy fersette him tsjin 'e despoat Hindrik VIII, doe't dy him fan 'e tsjerke fan Rome ōfkeare woe. Dat soe him yn 1535 it libben kostje. Yn 1935 waard More hillich ferklearre.


« Werom nei it oersjoch

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslān Lźst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: