Katalogus

sinneskyn en wetterdrippen

Auteur(s)     Wietske Jelierse
Utjouwer     Utjouwerij Elikser B.V.
Ferskynd     2009
Priis     € 17,50
Sjenre     Poëzij
Omskriuwing    

Sinneskyn en wetterdrippen

Wietske Jelierse - van der Heide

Yn de bondel Sinneskyn en wetterdrippen steane ferzen en yllustraasjes fan Wietske Jelierse-van der Heide. De ferzen geane oer de gewoane deiske dingen dy't der samar ynienen binne, fan sinneskyn oant wetterdrippen.
De skilderijen binne mei ûnderskate techniken makke, sawol akwarel, oaljeferve, akryl as pastel.

Wietske Jelierse-van der Heide is op 3 septimber 1939 berne yn Drachten en se hat dêr oant 1981 ta wenne. Dêrnei is se om utens gien en sûnt in tal jierren wennet se yn Raalte. Ridlikgau neidat se út Fryslân wei wie, is se mei skilderjen begûn. Hjir en dêr hat se in pear kursussen folge, mar fierdersoan is se autodidakt. Sa foar en nei hawwe gauris skilderijen fan har op eksposysjes te sjen west. Neist it skilderjen hat se ek al hiel wat jierren poëzy skreaun. Oan no ta wie it publisearjen dêrfan der noch net fan kaam, mar in priis yn in poëzywedstriid joech de oantrún om in tal gedichten te sammeljen en yn boekfoarm út te jaan.


« Werom nei it oersjoch

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op: