Katalogus

It kaartehûs

Auteur(s)     Anders Rozendal
Utjouwer     Fryske Boekeklub KFFB
Ferskynd     2009
Priis     € 16,00
ISBN     978 90 749 1874 9
Omskriuwing    

It kaartehûs

Anders Rozendal

It libben is ûnwis, jildt dat net foar ús allegearre? Lykwols besykje wy doel oan it libben te jaan, en om in takomst op te bouwen. Mar ús bousels binne faak net mear as in kaartehûs: wif, och sa wif.
De haadpersoanen yn dizze spannende roman bouwe ek oan har takomst, wolle mear út it libben helje. Sa is dêr bygelyks it famke Nadia Kalynychenko út Ukraïne. Sil it har slagje om de ellinde, de earmoed en de driging fan geweld achter har te litten, of sakket har kaartehûs fan de hoop daliks yninoar?
En dan Gerda Faber, in widdo fan goed fyftich jier. Hoe geef binne de fûneminten dêr’t sy in nij hûs fan lok op hopet te bouwen?
Mei Barend de Groot leit it oars. Hy is frijman, krúst mei de frachtwein troch Europa, treft in frommis dat sljocht op him is, en pikt út en troch in poepke swart jild by. Mar hoe stevich is syn hûs eins?
Dan is de kaartspiler der sels noch. In man dy’t in soad weaget. Hy gûchelet mei de kaarten. Wint en ferliest en wint wer. Mar wat bart der as er op ferlies stiet, en hy de kaart dy’t er achter de hân hâldt, útspilet?
Waans kaartehûs kin it tsjin dat geweld hâlde?

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010