Katalogus

Tantalus

Auteur(s)     Manuela Köster
Utjouwer     Uitgeverij Elikser B.V.
Ferskynd     2009
Priis     € 18,50
Omskriuwing    

Fayda is in tige selsstannige frou, dy’t wit hoe’t se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Nei de dea fan syn soan en syn frou is er noch fierder ferhurde as dat er al wie en lit er de opfieding fan syn dochter oer oan syn broer Sabaan. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Hy hat in sterk karakter, mar in swak foar syn omkesizzer. Fayda folget in oplieding yn Frankryk en as se weromkomt, lûkt se by har omke Sabaan yn op in grut jacht. Omke en omkesizzer ha in ynlike bân, wêrby’t Fayda him ta it uterste driuwt.
De plysje besiket bewizen fan smokkelhannel te sammeljen om de lieders fan it Kartel te ûntmaskerjen. Dat soarget foar ferrassende ûntjouwingen wêrby’t it libben fan in tal kaaifigueren op it spul komt te stean.
Skriuwster Manuela Köster toant mei de flot skreaune, ferrassende en spannende debútroman, dat se in betûft ferteller is, dy’t út in grutte ferbyldingswrâld putte kin.

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Aginda Literêre programs

Ferskate bibleteken organisearrje op eigen manneboet dochs in literêr program.
Hylke Speerstra is yn maart 2010 op toernee lâns tal fan bibleteken foar de yntroduksje fan in nije edysje fan It Wrede Paradys - It Ferfolch. De mânske bondel mei ferhalen oer en fan Fryske lânferhuzers ferskynt yn de rin fan april.

Klik hjir foar de aginda fan de literêre programs