Katalogus

Neeltsje

Auteur(s)     Rikky Nagel
Utjouwer     Uitgeverij Elikser B.V.
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
Omskriuwing    

Neeltsje siet bûten, op it terras, yn 'e wite túnstoel, en de hûn lei ûnder har stoel. It terras, dat har heit oanlein hie, fan moaie grutte kleure grintstiennen, en dêr't har mem de boel moai oanklaaid hie mei sels opmakke blombakken. In klimop hong oer it gehiel hinne, leunend op in pergola. Neeltsje, hie gjin each foar alles wat der om har hinne groeide en bloeide. Se gûlde, en gûlde...

Neeltsje fertelt it ferhaal fan in grutte húshâlding op it plattelân fan Fryslân, yn de stoarmen fan it deistich bestean. Meiïnoar moatte hja alles ferarbeidzje: dat se fan de pleats ôf moatte, dat it kapteinske fan it skip, harren mem, fierstente betiid it roer oerjaan moat, dat harren heit dêrnei ynienen yn 'e blommen omreaget. En dat wylst er dêr nea fan witte woe. Mar as Kupido raak sjit, feroaret dat allegear. 
Underwilens belibje se sels ek fan alles, krije in húshâlding, bern en moatte it roer rjocht hâlde as har libbenssee ûnrêstich is.

Rikky Nagel fertelt it ferhaal fan't it perspektyf fan har jongste suske út, mar lit tagelyk ek sjen wat har eigen gefoel oer dat alles is. Se hat in autentike styl fol gefoel en beskriuwt alles mei humor en faasje. It ferhaal fan harren famylje is sa werkenber skreaun, dat mannichien tinke kinne soe dat it oer har eigen húshâlding giet. In knappe prestaasje foar in debutante.

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Aginda Literêre programs

Ferskate bibleteken organisearrje op eigen manneboet dochs in literêr program.
Hylke Speerstra is yn maart 2010 op toernee lâns tal fan bibleteken foar de yntroduksje fan in nije edysje fan It Wrede Paradys - It Ferfolch. De mânske bondel mei ferhalen oer en fan Fryske lânferhuzers ferskynt yn de rin fan april.

Klik hjir foar de aginda fan de literêre programs