Katalogus

De oarloch fan Wadman

Auteur(s)     Anne Wadman
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 19,50
ISBN     978 90 330 0840 5
Omskriuwing    

De Twadde Wrâldoarloch en dan benammen de oarloch en it ferset yn Fryslân hawwe troch de jierren hinne in grutte belangstelling fan de lêzer hân. Dat jildt ek foar de skriuwer Anne Wadman (1919 – 1997) dy’t dizze tiid tige bewust meimakke. Yn Wadman syn literêre wurk komt de oarloch hieltyd op ‘e nij op ‘e hispel. De haadpersoanen yn syn romans en novellen binne gauris yntellektuelen dy’t har wat ôfsidich hâlde fan it echte oarlochsbarren en ferset oant sy dochs ferge wurde om in died te stellen. En dan docht bliken dat it heldedom mar foar in inkeldenien weilein is.
De titel fan it earste boek yn dizze Omnibus, Kûgels foar in labbekak, is suver sprekwurdlik. ‘Fersetsheld op sokken’, sa portrettearre Wadman syn haadpersoan út dy roman ek wol. Kûgels foar in labbekak en In bolle yn ‘e reak hearre ta it bêste dat Anne Wadman skreaun hat. De fearren fan de wikel is basearre op in wier barde skiednis. De oanslach op in jonge frou út in NSB-húshâlding late ta in eksekúsje fan fiif ûnskuldige boargers by Doanjum. Wadman komt yn dit boek mei in nijsgjirrige hypoteze oer de tadracht fan dat drama.


« Werom nei it oersjoch

Aginda Literêre programs

Ferskate bibleteken organisearrje op eigen manneboet dochs in literêr program.
Hylke Speerstra is yn maart 2010 op toernee lâns tal fan bibleteken foar de yntroduksje fan in nije edysje fan It Wrede Paradys - It Ferfolch. De mânske bondel mei ferhalen oer en fan Fryske lânferhuzers ferskynt yn de rin fan april.

Klik hjir foar de aginda fan de literêre programs