Katalogus

Marike fan Nijmegen/Elkenien

Auteur(s)     Klaas Bruinsma
Utjouwer     Elikser Utjouwerij
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 8954 082 9
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Marike fan Nijmegen en Elkenien

Yn de Divinia Commedia makket Dante syn sensasjonele reis lâns ûnfoarstelbere kwellingen en wreedheden fan de Hel en it Faaiefjoer, om by einbeslút de geneuchten fan it Paradys te priuwen.

De Divinia commedia is it klassike boek fan ‘e Midsieuwen, in aventuerlike synteze fan in hiel milennium kristlike kultuer yn Europa.
Marike fan Nijmegen – ‘’ik wie de duvel syn faam’’ – is it ferhaal fan in jonge frou dy ’t de klauwen fan in loverboy bedarret, in loverboy dy’t eins in duvel út ‘e hel is. Se reizget mei him nei de grutte stêd ta en docht dêr alles wat God  ferbean hat. Nei in wrakseling mei de duvel slagget it har om ôf te kicken fan har ferslaving oan de Undeugd. Se kiest úteinlik foar harsels, en tsjin de loverboy út ‘e hel. D6erby kriget se help fan har omke Gysbert de pastoar, en fan Maria, dy ’t se nettsjinsteande har skandedieden altyd yn eare holden hat.

Elkenien is in ferhaal oer ússels, oer hoe ’t wy by it âlder wurden sykje nei it godlike en nei de deugd, benammen as de dea tichteby komt. Elkenien hat ivicheidswearde troch de emosjonele útbylding fan ’e sinjouwing, dy’t de dea kriget troch it middel fan it neitinken oer de eigen deugd. Op syn lêste reis kiest de haadpersoan foar syn deugd te kiezen, en sa fynt er it paad nei God werom.

Marike fan Nijmegen en Elekenien binne beide teksten dy’t yn de foarm fan in spannend ferhaal ljocht skine litte op de problemen fan ús tiid en fan ússels.

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010