Katalogus

De Frouwepenje

Auteur(s)     Jarich Hoekstra
Harke Bremer
Utjouwer     Utjouwerij Bornmeer
Ferskynd     2009
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 5615 213 0
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

De Frouwepenje

Harke Bremer en Jarich Hoekstra

Yn 1323 wurdt yn Auwerk in ting fan ’e Opstalbeam hoden, de grutte gearkomste fan alle rjuchters en prelaten út ‘e Fryske lannen. It sil gean oer de fernijing fan ’t bûn. Broer Nanne fan kleaster Blomkamp is dêr ek by as riedsman fan syn abbet.
De earste dei fan ’t ting wurdt de soan fan syn âlde freon Tsjaard Haaiena fermoarde. Tusken ‘e tosken sit him in sulverstik klamme, in penje mei in ôfbylding fan Us Leaffrouwe. De oare deis wurdt in twadde deade fûn, de bêste freon fan ‘e fermoarde jongfeint.
Sit de greve fan Hollân dêr efter? Wol dy it ienheidsstribjen fan ‘e Friezen fertribelje en troch de moard de partijen oanhysje? Mar der blykt noch in tredde deade te wêzen. Stadichoan komt Broer Nanne der efter dat alles oars yninoar stiket as dat it liket…
Harke Bremer en Jarich Hoekstra publisearren earder tegearre Hâld faasje! Yn 1996 krigen se de Obe Postma-priis foar har ferfrysking fan ‘e Bommel-ferhalen fan Marten Toonder.

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010