Katalogus

Ien mei de dingen

Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2009
Priis     € 16,50
ISBN     978 90 330 0796 5
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Bert Bakker is in Amsterdamse Fries om utens dy’t de bân mei it heitelân ek yn literęr opsicht graach yn stân hâldt. De ferhalebondel Ien mei de dingen is syn debút yn boekfoarm.
Bakker skriuwt prachtige, gauris humoristyske ferhalen oer in stel al wat âldere hippy-achtige manlju en in inkelde frou (de baronesse fan Harich mei har koaikerhűntsje Tammy). ‘Gods seine ręst op dizze ikkers’ fertelt oer in ploechje minsken dy’t yn in jachthutte omhúsmanje. De alternativelingen wenje op grűn dy’t fanâlds eigendom is fan in adellike famylje. Mar ek yn dizze pastorale idylle komt de moderne tiid hieltyd tichter by yn de foarm fan drugs, oerfallen en plannen fan projektűntwikkelders.
Yn it twadde part fan de bondel, ‘Reisgenoaten’, nimt Bert Bakker de lęzer mei nei in tinkbyldich WIC-skip dat yn 1623 de wrâldseeën befoer. Wat hjiryn wurklikheid is en wat fantasy mei de lęzer sels bepale! De bân dy’t Bert Bakker oarspronklik mei Fryslân hie (hy is berne yn Bűtenpost) komt moai nei foaren yn it twatalige gedicht ‘Dűbelfokus’, dat yn it midden fan de bondel stiet. Bakker levere as entűsjast reedrider ek in bydrage oan it boek Mijn Elfstedentocht. Ware verhalen van en over gewone rijders. 
 
 

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010