Katalogus

Skeind

Utjouwer     Elikser Utjouwerij
Ferskynd     2008
Priis     € 12,50
ISBN     978 90 8954 039 3
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Skeind

Gerryt Mulder en Ate de Jong

Jippe Burmania fertelt op iepenhertige wize syn libbensferhaal. Hy hat syn geheimen noch noait oan ien ferteld. Allinne syn hynders witte it al lang.
In ynspirearjend ferhaal oer hoe’t er him ûntwraksele oan syn earmoedige jeugd yn Minnertsgea. Hoe’t er syn plakje yn ‘e wrâld sa njonkenlytsen beskrept hat. Mar dochs mei genôch fragen  sitten bliuwt. Fragen oer skuld, oer hoe’t it oars kinnen hie…

Ik haw it gelok, dat ik myn hynders haw. Dêr bin ik hiel wiis mei. Ik genietsje dêr fan. Ik fyn it skitterjend. Bisten dogge my net mear sear. Ik fertel myn geheimen en myn problemen oan myn hynders. Dan fiel ik my op dat momint even ferromme. Dat bist sjocht my dan hiel ûnnoazel oan en tinkt miskien: ‘Wêr hat dy lul it oer?’ Se sizze wol neat werom, mar ik bin myn problemen al even kwyt. Ik soe it oan de measte minsken net samar fertelle, wat ik myn hynders fertel. As ik it de minsken fertelle soe, dan hawwe se eefkes meilijen mei my. Mar as se fuort binne, fertelle se it troch oan de buorman.


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010