Katalogus

Om it libben

Auteur(s)     Harmen Wind
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2008
Priis     € 17,50
ISBN     978 90 78559 13 9
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Om it libben

Harmen WindDe roman ‘Om it libben’ is 6untstien yn de skriuwersarke, it eardere hinnekommen fan Rink van der Velde op ‘e Feanhoop. Wind húsmanne dêr yn de maitiid fan 2007. Doe’t er de put der omtrint út hie, waard er siik en even like it derop dat de titel fan dit boek in omen betsjutte foar himsels. Soks skept in bân.
Al mei al hold de sykte him sawat njoggen moanne b6uten bedriuw. Doe’t er de pinne wer tille koe, hat er it ferhaal ôfmakke.
De tematyk mei dan inte wêze op in tragysk stjergefal, yn wêzen giet it net om de dea, mar om it libben. Rjocht, leauwe en leafde yn it ramt fan de wurklikheid dy’t sa ferskillend en persoanlik belibbe wurdt, dat út en troch waarnimming yn ferbylding feroaret en ferbylding yn waan, foarmje de ynhouten fan dizze 6ungewoane misdiedroman.
Yn it gasteboek hat Harmen Wind syn ferbliuw poëtysk gearfette:

Seis wike yn Rink syn arke
Wetter r6ukt en stilte preaun,
Âld sear field, nei fûgels harke –
Sa ha’k ‘Om it libben’skreaun.

De kondysjes dêr yn dat petgat bestienen dus benammen út it romte jaan oan de sintugen. Dat mei sa’n ûntfanklike hâlding net allinne de gefoeligens, mar ek de kwetsberens tanimt, hat wol bliken dien. Lykwols, it úteinlike resultaat kin in stjitsje ferneare.

www.afuk.nl


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010