Katalogus

Yn 't wylde wei

Auteur(s)     Meindert Bylsma
Utjouwer     Koperative Utjowerij
Ferskynd     2008
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 6570 5006
Omskriuwing    

Yn 't wylde wei

Meindert Bylsma

Meindert Bylsma (1941) skreau sûnt 1968 ferskate dicht- en ferhalebondels, en dêr is er ek it bekendst mei wurden, mar oan langer proaza weaget sizze fantasijrike skriuwer him ek: Yn ’t wylde wei is syn tredde roman.
De “ik” fan dit ferhaal is himsels wat kwyt. Om himsels werom te finen begjint er yn it wylde wei om te reagjen yn wat er yn syn libben fûn en bewarre hat: patatfoarkjes, fearkes, krantestikjes, stientsjes, spikers en sa: ‘Mei de weardefolle stikjes sil ik mysels wer yninoar sette moatte. Net dwaan sil net te kearen betsjutte dat ik troch oaren yninoar set wurd en dan haw ik hielendal neat mear te fertellen.’
Hy rekket dêrmei yn konflikt mei syn twadde “ik”: ‘Do plakst kollaazjes fan dysels yninoar, mei heal ôfskuorde feiten, snipels fan wierheden, ferknipte optinksels en fantasijflardsjes. Sa komt it op ‘e kop ferkeard mei dy. Smyt de brot fuort of jou alles oan my!’
As lang om let de iene belies jout en de ferantwurding trochskoot nei de oare, wat dan?


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010