Goedfrou foar it libben
Tineke de Jager van der Zee
‘Wylst Catharina de doar tichtsloech, kaam de feninige kjeld har temjitte. Se rûn op in drafke mei de beide manlju troch de stege nei de strjitte dêr’t de belslide stie. Op ‘e middei wie it hurder begûn te waaiene en se seach dat de wyn op guon plakken hege sniedunen makke hie.’ Heal beferzen komt se yn Wyns oan, d6er’t de in frommiske helpt by har befalling. En dat is noch mar it begjin; frou Schrader (1655 – 1745) sil yn har libben as goedfrou sawol fan it bittere as it swiete priuwe. Yn dizze debútroman fan T. de Jager – van der Zee komme wy hiel wat te witten oer it libben en de gewoanten út de 18de ieu.
|