Katalogus

Foarby it Boarkumer fjoer

Auteur(s)     Durk van der Ploeg
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2008
Priis     € 19,50
ISBN     978 90 330 1266 2
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Foarby it Boarkumer fjoer

Durk van der Ploeg

Hűndertweintich jier lyn fergyng de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat yn in fleanende stoarm. Fierwei it grutste part fan de fiskers ferlear dęrby it libben. It monumint op 'e seedyk mei de prachtige dichtrigels fan Douwe A. Tamminga is oant hjoed de dei in oantinken oan dy ferskriklike ramp en syn slachtoffers.

Yn syn nijste roman folget Durk van der Ploeg yn de byldzjende styl dy't de lęzer fan him wend is, it libben fan Botte Vaderloos, ien fan de jonge fiskers dy't de ramp meimakket en op wűnderbaarlike wize oerlibbet. Botte is in foarbern fan de rike boeredochter Swaantsje Holwerda, dy't op eigensinnige wize har gong giet. Lang sit Botte oantangele mei de fraach orft er syn bestean op see of krekt op it boerelân sykje moat. Nei in lange striid kiest er dochs foar de see.

Durk van der Ploeg jout yn "Foarby it Boarkumer fjoer" in boeiend byld fan de űntjouwingen yn de mienskip fan Peazens-Moddergat tusken 1862 en 1945. De fiskerij krige nei de ramp dochs wer de fuotten űnder it gat. Hoe't dat om en ta gyng, sil foar in soad lęzers nije ynformaasje węze. Ek dat bepaalt de wearde fan dizze yn kultuerhistoarysk opsicht belangrike roman.

 


« Werom nei it oersjoch

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010