Katalogus

Oeral binne bisten

Auteur(s)     Machiel Braaksma
Utjouwer     Utjouwerij Bornmeer
Ferskynd     2006
Priis     € 15,00
ISBN     978 90 5615 137 9
Sjenre     (Foar)lêsboeken 6 - 12 jier
Omskriuwing    

Tydlik útferkocht

Sommige deistige dingen binne hiel oars as men tinkt...
Sa binne tûkjes en foarkjes eins hielendal gjin deistige dingen, mar ûnderdielen fan bisten.
Mar om''t minsken altyd alles skiftsje en opromje - de foarkjes by de foarkjes en de tûkjes by de tûkjes- wit hast gjinien dat. Troch dizze nuvere manier fan dwaan sjochst de helte fan de bisten net iens, wylst der hast oer stroffelest.

Froeger wie der in keunsner dy't Michelangelo hiet. Hy sei dat der yn in blok moarmer in byld ferstoppe siet en dat hy dat der úthelje moast.
Mei dy tûkjes en foarkjes is it eins krekt sa: moatst gewoan alles by elkoar sjen te finen en do hast it bist.
Soms sjogge grutte minsken wolris frjemd as ik in krûm deksel fan in bus ferve fan 'e grûn pak. Mar ik wit wol better: dit is net allinnich in deksel, it is it skyld fan de skyldpod! Sjoch mar yn it boek.

Byldzjend keunster Machiel Braaksma makket fan plestik foarken, leppels, messen, doppen, skroefkes, reidsjes, ensfh. prachtige bisten.

Hasto wolris mei in houten leppel oan it trommeljen west? Machiel Braaksma dy’t dit boek makke hat, fêst wol. Hy sjocht teminsten yn hiel gewoane dingen om him hinne, plastic foarkjes of ôfwaskwasten, linetrie of kopspjelden, de meast wûnderlike bisten. Dy hat er op ‘e foto set, mar der noch fan alles mear mei dien. Sjoch mar ris yn it boek. It sjocht der prachtich út!

Klik hjir foar in fragmint út it boek

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010