Katalogus

Prospero

Auteur(s)     Nyk de Vries
Utjouwer     Friese Pers Boekerij
Ferskynd     2006
Priis     € 15,00
ISBN     90 330 0554 9
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

It gong allegear dat it slydjage. Oardel wike letter wie de saak foarinoar en nei inkeld in medise keuring en in ynstruksjemiddei, mei Ruud en in man yn in glânzjende wite blûze, makke ik my healwei juny klear foar de ôfreis. Ik wie fan doel om mei in pear freonen noch ergens ôf te praten, mar op ’e iene of oare manier kaam it der net fan. In dei tefoaren krige ik noch al in tillefoantsje fan Gabi. Se winske my in goeie reis ta. Dat wie aardich en har soargen wienen ek wol terjochte, want mei alle stops derby soe de busreis mear as 28 oeren duorje.’

Wat moat ik oan mei myn fierdere libben? Dy fraach spilet de jonge muzikant Marco Vandaan hieltyd troch de holle. Syn karriêre is op ’e non rûn, de ferkearing is út. Hy siket in útflecht yn ’e Spaanse heechlannen by Prospero, in wetterkundich projekt dat wurk biedt oan in ploech studinten en oar jongfolk. Marco giet folslein op yn ’e ploech mei syn yntriizjes en leafdesperikelen, en it wurk yn ’e smoarende hite. Hjir wurdt him sa’t liket in kâns bean om oan syn deistige omstannichheden te ûntkommen.

Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Hy wie sjonger fan gitaargroep The Amp en spilet by Meindert Talma & the Negroes. Yn 2000 debutearre er mei Rezineknyn dat yn it Nederlâns ferskynde ûnder de titel Rozijnkonijn. Prospero is syn twadde roman.

De rige Modernen biedt in poadium oan nije Fryske skriuwers. It Fonds van de Letteren, it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds en de Provinsje Fryslân stypje dit inisjatyf fan de AFUK/Utjouwerij Fryslân, Koperative Utjouwerij, Friese Pers Boekerij, Stichting It Fryske Boek en it Skriuwersboun


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010