Katalogus
In lyk man is in ryk man
| Sub titel | Sprekwurden, siswizen en útdrukkingen |
| Auteur(s) | Dick Eisma |
| Utjouwer | Afûk |
| Ferskynd | 2009 |
| Priis | € 7,50 |
| ISBN | 978 90 70098 81 0 |
| Sjenre | Taal |
| Omskriuwing | In lyk man is in ryk manDick Eisma As it giet om it sammeljen fan sprekwurden, hat Fryslân in lange en rike tradysje, dy’t fan Bogerman en Waling dykstra nei Tabe Beintema rint. Yn 1989 set dick Eisma dy tradysje fuort mei Sa hat it sitten, folge troch in rige fan trije titels: It is mei sizzen net te dwaan, Dat kin de brune net lûke en In lyk man is in ryk man. In lyk man is in ryk man giet oer jild. De euro is kommen en de âlde nammen fan jildstikken sille op ‘en doer wol ferdwine. De útdrukkings en siswizen geane net allinne oer de jildstikken sels, mar ek oer sunigens, deunens, gjirrigens, earmoed en rykdom.De lêzer sil grif in protte wille belibje oan dit grut ferskaat fan Fryskeigene sprekwurden, siswizen en útdrukkingen. |
« Werom nei it oersjoch

