| Omskriuwing |
Ien foar de wraak, de debútroman fan Joop Boomsma, is de earste psychologyske misdiedroman yn de moderne Fryske literatuer. In misdiedroman dy’t Piter Terpstra doedestiids op slach werkende as ‘de bęste’ yn syn soarte.
Yn it begjin fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fűn fan learaar Arnold Hagen. As it plysjeűndersyk nei in skoftsje liket te mislearjen giet freon en kollega Jaap Dykstra sels op űndersyk út. Hy pakt de tried op dy’t de offisjele ynstânsjes neffens him slűpe litten hawwe. Mar hy krijt al gau yn ’e rekken dat sok speurderswurk net alhiel sűnder gefaar is – der falle slachtoffers.
Joop Boomsma is nei 1988 mei in soad súkses fierder gien op it misdiedpaad. Sa publisearre er Kwea jild (roman, 1989), Picasso, lęste wurk (ferhalen, 1992), In frou mei ljochtblauwe eagen (boekewikegeskink, 1994) en Yn reek ferflein (roman, 1998). Hy trune ek kollegaskriuwers oan om misdiedferhalen te skriuwen, dy’t bondele binne yn Fryske Misdiedferhalen (1991) en Knyflok en Reidmannen (1994). Boomsma syn boeken spylje yn de wrâld fan de ‘moderne’ misdied. Dúdlik is te fernimmen dat hy him goed dokumintearret oer alle aspekten fan it plysje- en rezjersjewurk.
|