Katalogus

Rachlan

Sub titel     Ferhalen
Auteur(s)     Neeltje Bonnema
Ferskynd     2005
Priis     € 14,90
ISBN     90 599 8023 9
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

"Ja, asto klear komst ropst altyd om jim mem, moatst earlik wêze." As in sâltsek sit er op bêd, de holle yn beide hannen. "Op kantoar witte se it net, dat fan jim mem, dat wit ik allinne." Hy leit no achteroer op bêd, de eagen ticht. "Ik bin mislik".
Se strykt him sêft oer it rûne liif, hieltyd op 'e nij oant syn lytse man rjocht oerein stiet.

Neeltje Bonnema hat twa favorite figueren: it lytse famke en it folwoeksen frommes. Beide besykje se har plak te finen yn in gauris ferbjusterjende wrâld. De midden hâlde, jin oanpasse, jins goede wil toane, dat is it doel. Fansels beteart dat gauris mis en dat fiert ta begrutlike, mar foaral komyske sitewaasjes. Bonnema hat in skerp each foar it detail en like skerp -en dochs myld- is har humor.

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010