Katalogus

Eilândochters

Auteur(s)     Wilco Berga
Utjouwer     Afûk
Ferskynd     2010
Priis     € 15,95
ISBN     978 90 70098 92 6
Sjenre     Romans / Ferhalen
Omskriuwing    

Yn ’e simmer fan 1991 wurdt yn ’e dunen fan Skylge in achttjinjierrige jonge dea fûn. Al gau wurdt dúdlik dat der geweld yn ’t spul wie. Mar fan de dieder gjin spoar.
Tsien jier letter stiet Arend Boomsma, destiids freon fan de jonge, en no wenjend yn Spanje, foar in dilemma. Syn heit, oannimmer op it eilân, is ûnferwachts stoarn. Probleem is dat er de man al tsien jier net mear sjoen hat – net sûnder reden – wylst er ek nochris bedrige wurdt troch de eardere, gewelddiedige partner fan syn Baskyske freondin.
Dochs begjint er oan de reis werom, sawol yn letterlike as figuerlike sin. Dat jildt ek foar twa fan syn susters, dy’t op Malta en yn Frankryk wenje. Eindoel is de begraffenis op it eilân, mei harren mem en noch twa susters.
Elk wit min ofte mear wat him dêr te wachtsjen stiet. Mar elk wit ek dat it hiel oars útpakke kin – lykas seestreamen soms samar, en net te kearen, fan rjochting feroarje.

Wilco Berga is byldzjend keunstner en skriuwer fan poëzy, proaza, toaniel en lietteksten. Meast resint ferskynden fan him de dichtbondel 'Eilânliet/Eilandlied' (2000) en de roman 'It portret' (2002).

Lêsferslach Nei it lêsferslach »

« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010