| Omskriuwing |
It noarden fan it noarden wie in ienkennige wrâld. Berne yn 1953 op De Pomp, oan de eardere Lauwerssee, koe Eppie Dam fan slyk de rook en de kleur. Griis siet him yn it bloed. As bern fielde er him op 'e romte bleatlizzen oan huver en "priisjûn oan it grutte sigen". Sa ferwiist de dichter net allinne nei it gemis oan beammen yn syn berteplak, mar ek nei de kjeld en de neakenens fan in tiid sûnder freugde en ferbylding.
Yn dizze bondel besiket Eppie Dam de grize swart-wyt foto fan syn ferline yn te kleurjen mei it alsidiger each fan hjoed. Net om 'e nocht skreau er trije fersen by wurk fan skilders fan De Ploeg, de keunstrjochting dy't it noarden de gloede jaan woe dy't it fan natuere yn him hat. Dochs liket Altinks Koopvrouw op landweg him it meast nei te wêzen: it gesicht fan de frou hat de kleur oannaam fan de greiden om har hinne.
Eppie Dam dichte earder ek al oer syn ferline. De Pomp (1988) wie fierhinne anekdoatys en frij licht fan toan. Yn Neigeraden it noarden, syn tolfde bondel, slacht de dichter swierder akkoarden oan, yn in ekspressiver en persoanliker idioom. Dam lit hjir, suver hertstochtlik sykjend om wurden tsjin ferbittering, in prachtich nij en "fierderdragend lûd" hearre. |