Katalogus

Yn en om it bûterfabryk

Auteur(s)     Albert Kornelis Mulder
Utjouwer     Utjouwerij Fryslân / Afûk
Ferskynd     2004
Priis     € 10,00
ISBN     90 70098 89 x
Omskriuwing    

As der yn Fryslân sa tusken 1900 en 2000 oer it bûterfabryk praat waard, dan gie it faak net oer in masinefabryk, in houtfabryk of wat dan ek. Meastentiids bedoelden se dêr in suvelfabryk mei. Albert Kornelis Mulder skreau it ferhaal fan it bûterfabryk op. Net út it eachpunt fan direkteuren of bestjoerders wei, mar krekt fan de kant fan de arbeiders. Mulder praat út eigen ûnderfining: hy wurke jierren oanien yn de fabriken fan Makkingea en Easterwâlde. It boek behannelet net allinnich Mulder syn eigen ferhaal, mar jout in byld fan it wurk yn in bûterfabryk yn de tweintichste ieu en alles wat him dêromhinne ôfspile.
Wiidweidich beskriuwt er de gong fan saken op it fabryk, it ark dat brûkt waard en hoe't it ferwurkjen fan de molke om en ta gong. Mar ek allerhande saken dy't harren om it fabryk hinne ôfspilen komme oan bod: de boeren, de molkriders, molkfarders en oaren.

It boek befettet in wiidweidich register en is rynsk yllustrearre mei foto's en oare ôfbyldings.

Mulder is benammen bekend wurden fan syn boeken Ald ark út 1990 en Oar âld ark út 2002. Yn 2002 ferskynde fan him ek Wat ha wy in wille hân: in samling âlde bernespultsjes.


« Werom nei it oersjoch

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010