Stipers
Sa't jo op dizze side sjen kinne docht It Fryske Boek alle war om de Fryske literatuer en lektuer ûnder de oandacht fan de lêzers te bringen. Jo kinne de stichting dêrby finansjeel en moreel helpe troch stiper te wurden. Goed 450 sympatisanten binne jo al foargien. De stipersbydrage is € 17,50 jiers. Mear mei ek, graach sels. Jo krije dêrfoar alle jierren automatysk de Fryske Skriuwerskalinder en it magazine BoekeNijs (febrewaris en septimber) en oare wichtige ynformaasje tastjoerd.
Jo donaasje is ôf te lûken fan de belesting om't de Belestingtsjinst It Fryske Boek as in 'Algemeen Nut Beogende Instelling' (ANBI) oanmurken hat.
Wolle jo It Fryske Boek ek stypje, folje dan ûndersteand formulier yn en klik op de knop ferstjoere.
