Jubileumfeest

Jubileumfeest Stichting It Fryske Boek

plaatsjeDe Stichting It Fryske Boek (IFB) bestie op 6 april 2009 offisjeel 75 jier. Yn ferbân mei dat jubileum krije alle aktiviteiten fan de stichting it hiele jier troch wat ekstra's mei. Mar oan it jubileum sels woene bestjoer en meiwurkers ek net foarby gean. Dêrom wie it feest op sneon 4 april yn De Pleats te Burgum. Presintator wie bestjoerslid Tsjerk Veenstra.

plaatsjeOm't der foar de Fryske Boekewiken al in ferhale- en in lêzerswedstriid organisearre wie, joech it jubileumfeest in moaie gelegenheid de prizen oan de winners út te rikken. De ferhalen foar it Boekewikegeskink wiene skreaun troch de 'mystery'skriuwers Aggie van der Meer, De fioele, Henk de Haan, It reade fytske, Anders Rozendal, Wetterloo en Greet Andringa, Deus ex. Harren nammen waarden nei de Boekewiken, op 23 maart, bekendmakke.
plaatsjeDe auteurs krigen út hannen fan bestjoerslid Meindert Bylsma in sjek fan € 600,-. Bylsma lies in koarte motivaasje fan de sjuery foar, dy't in kar meitsje moast út fyftjin ynstjoerings. De sjuery, Jannie van der Kloet, Lysbert Bonnema en Immy Tappers, waarden mei in boekebon betanke foar harren wurk.
De lêzers mochten tusken 20 febrewaris en 23 maart riede wa't de auteurs fan de ferhalen wiene. It wie in pittige priisfraach, sa die bliken. Sa'n 30 minsken hawwe harren der oan weage. De prizen wiene, nei lotsjen, foar Tineke de Jager fan Dokkum (2 goed), frou Andringa-Brattinga fan Bilthoven (1 goed) en Binne Reitsma fan Blije (1 goed). Sy krigen elk in mânsk boekepakket.
plaatsjeFoarsitter Sytske Eringa fan de Stichting It Fryske Berneboek joech nei it prizefestival in eksimplaar fan de nagelnije Rymposter-cd oan de foarsitter fan IFB, Jan Geersing. Neffens frou Eringa 'in presintsje fan it lytse suske foar har grutte broer', dy't har beide dwaande hâlde mei promoasje en lêsbefoardering fan Fryske (berne)boeken.
It duo Nanne en Ankie soarge foar in muzikaal yntermezzo. Sy lieten fjouwer lieten hearre fan dy Rymposter-cd dy't de middeis oanbean wie.
plaatsjeFermaaklik wie it petear tusken twa hearen, Douwe Kootstra en Tsjerk Veenstra. Mei hilaryske anekdoates en nijsgjirrige opmerkings rûnen sy mei grutte stappen troch 75 jier promoasjeskiednis. Wat dúdlik oerkaam wie: promoasje is needsaaklik, mar it mei net folle kostje. Ierappelbakjes en sigende bussen wiene dêr ûnder oare de foarbylden fan.
Koen Eekma fan de Afûk, Abe de Vries fan de Friese Pers Boekerij en Koos Tiemersma fan It Skriuwersboun fregen noch efkes sprektiid. Sy makken dúdlik dat promoasje fan de Fryske literatuer ek nei 75 jier, nedich bliuwt. Miskien moatte, neffens Eekma, útjouwers wol in tafel yn boekwinkels keapje om de Fryske boeken in goed plakje te jaan. Abe de Vries fûn dat der beslist in alternatyf foar de Sutelaksje komme moast, miskien yn 'e foarm fan in kulturele karavaan. Koos Tiemersma fertelde dat Fryske skriuwers mei in slokje op, yn it bûtelân it bêste útlizze kinne dat se yn Fryslân foar de kroade skriuwe! (Byldzend útdrukt troch in rûntsje om de stamtafel.)
plaatsjePresintator Tsjerk Veenstra betanke yn syn slotwurd de meiwurksters fan IFB foar harren wurk, benammen yn it ôfrûne jier. Hy frege fiif skriuwers om de froulju yn 'e blommen te setten.
It program wie aardich útrûn mar dat hiene de minsken net yn 'e rekken. En gelokkich stie der likegoed noch in lekker hapke en in drankje foar elk klear.
Foar bestjoer en meiwurkers fan It Fryske Boek en de 'fêste' frijwilligers fan de Sutelaksje fan 2008 en harren partners gie it feest noch efkes troch. Sy koene neiprate by in lekker buffet dat de meiwurkers fan De Pleats wilens klearset hie. In moai beslút fan in dei dêr't op in nijsgjirrige wize werom- en foarútsjoen waard op 75 jier promoasje fan de Fryske literatuer.

plaatsje

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Flaters yn Feestlift

Yn it winnende ferhaal Deus Ex fan Greet Andringa yn it Boekewikegeskink Feestlift steane in pear flaters. Dêrtroch is de essinsje fan it ferhaal foar in part ferlern gien is. Klik hjir foar de korreksje.

Priisfragen Boekewikegeskink 2009

Foar  ynformaasje oer de Priisfragen
om it Boekewikegeskink 2009 hinne,
klik hjir

Rymposter-cd Smûzje

omslach

Lês mear >>
oer de Rymposter-cd
Smûzje

Sponsors Jubileumfeest

It jubileumfeest fan It Fryske Boek is mei mooglik makke troch finansjele bydragen fan :

  • Stichting Lezen
  • VSB-fonds
  • J/M fonds (Je maintiendrai)
  • P. W. Janssen's Friesche Stichting
  • Douwe Kalma Stifting
  • Prins Bernhard Cultuurfonds
  • Friese Pers Boekerij
  • Boelstra-Olivier Stichting