It Fryske Boek

Stichting It Fryske Boek

Algemien
logoDe Stichting It Fryske Boek stiet al 75 jier foar de promoasje fan de Fryske literatuer en lektuer. It doel fan de stichting is dan ek
de produksje en de fersprieding fan Fryske boeken te befoarderjen en mear Friezen yn har memmetaal oan it lêzen te krijen. Dêrfoar wurket It Fryske Boek oan oerlisstruktueren tusken skriuwers, útjouwers, boekhannelers en bibleteken.
De stichting wurdt foar in part subsidiearre troch de Provinsje Fryslân en hat in tal fêste meiwurkers dy't har ynsette foar besteande en nije projekten.
It Fryske Boek jout in grut ferskaat oan promoasjemateriaal út.

Projekten
De Fryske Boekewiken (ein febrewaris/begjin maart) mei:

  • it Fryske Boekewikegeskink
  • It Fryske Boekefeest
  • in rige literêre programs yn 'e mande mei bibleteken, Fryske kriten, lêsgroepen en oare  ferienings
  • in edysje fan BoekeNijs mei ynformaasje oer nij ferskynd wurk

De Boeke-aksje (septimber/oktober) mei:

  • de Sutelaksje; sa'n 1.700 frijwilligers ferkeapje yn in perioade fan seis wiken út 'e kroade oan de doar likernôch 25.000 Fryske boeken en lûddragers
  • Fryske boekejûnen
  • in edysje fan BoekeNijs, mei ynformaasje oer Fryske boeken, skriuwers en literêre aktiviteiten
  • de Fryske Skriuwerskalinder mei goed 40 nije en oarspronklike bydragen fan skriuwers, dichters en yllustrators
  • it Aksjeboek foar Bern dat ek ornearre is foar de berneboeketiid
  • de jierlikse Boekemerk yn Drachten as ôfsluting fan de Sutelaksje
  • de Fryske boekebus om utens, in rige promoasjonele reizen op útnoeging fan Fryske kriten nei ferskate plakken bûten Fryslân


It Sprutsen Frysk Boek

It Fryske Boek jout yn 'e mande mei de kristlike blinebibleteek (CBB) te Ermelo, it Sprutsen Frysk Boek út. In ploech frijwilligers lêst yn in spesjale studio by Empatec te Snits hast alle nije Fryske boeken yn. Der binne mear as 1.400 titels beskikber foar fisueel beheinden en elkenien dy't op ien of oare wize net lêze kinne. It Sprutsen Frysk Boek is fergees te krijen.

De Oanharker
De Oanharker is in sprutsen Frysk moanneblêd. In ûnôfhinklike redaksje sammelet artikels út Fryske dei- en streekblêden en tydskriften. In abonnemint op de Oanharker kostet € 20,- jiers.
Ynformaasje oer It Sprutsen Frysk Boek en de Oanharker is te krijen by de Stichting It Fryske Boek te Ljouwert,
Tel.:  058-2343090   
Faks: 058-2131866
E-mail: ynfo@fryskeboek.nl
Ynternet: www.fryskeboek.nl


Projekten foar bern en jongerein
De Fryske Berneboekesjuery (febrewaris oant en mei maaie) mei:

  • it beoardieljen fan Fryske boeken troch bern en jongerein
  • skoalleprojekten
  • feestlik útrikken fan de sulveren spjelde, de priis foar it moaiste boek, keazen troch de Berneboekesjuery.

De Berneboeketiid (septimber oant heal oktober) mei:

  • it Aksjeboek foar Bern, dat skreaun is nei oanlieding fan de Berneboekewike  (ek te keap yn de Sutelaksje)
  • in brosjuere mei ynformaasje oer programs yn de Berneboeketiid ornearre foar de basisskoallen 
  • in rymposter, yn gearwurking makke troch in skriuwer en yllustrator nei oanlieding fan it tema fan de Berneboeketiid, ornearre foar de basisskoallen

Nasjonale Foarlêsdei/Foarlêsbrochje mei:

  • publikaasje fan ferhalen foar beukers, ûnderbou, middenbou en boppebou ornearre foar de basisskoallen