Fryske Boekewiken


It Fryske Boek slacht troch de fiergeande gearwurking mei Tresoar nije wegen yn. Der wurdt hurd wurke oan alternativen foar in pear grutte promoasje-aksjes dy’t It Fryske Boek sûnt jier en dei selsstannich organisearre. Ien fan de gefolgen is dat de ‘eigen’ Fryske Boekewiken, dy’t sûnt it begjin fan de jierren ’90, ein febrewaris / begjin maart, holden waarden, yn 2010 komme te ferfallen. Wierskynlik komt dêr in Moanne foar it Fryske Boek foar yn it plak. Sadree't dêr mear bekend oer is wurdt dêr op dit webstee en fia de media wiidweidich melding fan makke.

Ferskate bibleteken organisearrje op eigen manneboet dochs in literêr program.
Hylke Speerstra is yn maart 2010 op toernee lâns tal fan bibleteken foar de yntroduksje fan in nije edysje fan It Wrede Paradys - It Ferfolch. De mânske bondel mei ferhalen oer en fan Fryske lânferhuzers ferskynt yn de rin fan april.

Klik hjir foar de aginda fan de literêre programs

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

amomedia.nl © 2010