Ferslaggen

Reisferslach nei De Haach, neffens de tachograaf

Pleatst op: 2 december 2009 om 17:30

Boekebussjauffeur Jitze van der Meer makke in hiel eigen ferslach fan de lêste reis om utens nei De Haach op 28 novimber. Net in ferhaal oer boeken, skriuwers en lêzers fan Fryske literatuer en Kriteleden mar in ferslach oan ‘e hân fan in tachograafskiif, in soarte fan tiidskriuwer foar frachtweinen. De skiif sit gewoanwei in soarte fan klok yn hast alle frachtweinen en bussen. Hy registrearret 24 oeren lang alle ‘bewegings’ fan it ferfiermiddel. De sjauffeur moat alle dagen as er út ein set in nije skiif yn de klok pleatse. Yn tsjinstelling ta de measte frachtweinen en bussen is dat by de boekebus net ferplichte.

It ferhaal fan Jitze van der Meer:
plaatsjeFaaks is it wol aardich foar ‘leken’ om ris te sjen wat der allegear wol op sa’n tachograafskiif stiet en foaral wat der efternei op blykt te stean as de kniper op de skine komt by ûngemakken of sa. Krekt dan is sa'n tachograaf by útfergrutsjen fan de registraasjes in soarte fan ‘blackbox’, in swarte doaze yn in fleanmasine.
Ik haw op de lêste sutelsneon mar ris in skjinne skiif yn it apparaat dien. Dy dingen registrearje de ferriden kilometers en de tiid, dat in sjauffeur oant it wurk is of rêst hat, mar hy kin ek noch tige wichtich wêze by ûngemakken en ferkearsoertrêdings.
It tinne lyntsje, dat tusken de 6 en de 7 begjint, jout oan hoe hurd wy riden hawwe, wannear't wy ôfstutsen binne en wannear't wy stilstien hawwe. Wy binne dus de moarns in bytsje foar healwei sânen fuortriden. De dipkes om goed sân oere en healwei achten binne it begjin en de ein fan de Ofslútdyk (dêr mei ik net hurder as 70 km) en om goed njoggen oere yn De Haach wie de gong der út. Nei it ‘Esso-gebou’ hiene wy daliks wer linksôf moatten, om it Malyfjild hinne, om by it Twadde-Keamergebou te kommen. Mar wy binne krekt te fier riden en doe moasten wy werom.
plaatsjeDe swarte balke ûnder jout oan dat de wein rydt. Nei it swaaien hawwe wy efkes foar in stik of wat stopljochten stien en efkes langer om foar alle wissichheid de Tom Tom dochs mar oan te setten. Om healwei tsienen stie de bus te plak.
Om goed healwei fiven binne wy wer útein set. Krekt nei de earste streekjes wie it wer ho, want de pealtsjes stiene oan beide kanten fan de strjitte omheech. Wy koene der net lâns. Douwe Fierstra fan de Krite hie ús al ferteld, dat wy de plysje dan mar efkes skilje moasten. Dat ha ik doe mar dien en it kenteken mei it nûmer fan de post trochjûn. De plysje liet de pealtsjes doe foar ús sakje. Ien kear op de grutte dyk koene wy aardich trochride, mar yn Amsterdam heakke it noch wat.
Om kertier oer seizen ha ik de ôfslach nei Den Helder nommen en doe binne wy delstrutsen yn ‘De Zingende Wielen’ foar in hapke iten. Om goed healwei achten binne wy ôfstutsen en in goed kertier letter gie de gong der wer út, omdat der op de oare baan fan de Ofslútdyk krekt in ûngemak bard wie. Dat moat in aardige klap west hawwe, want de bumpers en oar spul leine oan ús kant op 'e dyk. Wy koene oan de ferkearde kant fan de dyk fierders ek neat folle goeds dwaan en binne mar trochriden.By Koarnwertersân, krekt foar achten, ha ik my knap oan de 70 km hâlden.
plaatsjeOm kertier oer achten binne wy by Harns ôfslein nei de âlde strjitwei nei Frjentsjer, troch Hjelbeam net te hurd en fierder troch Frjentsjer oer de Fiverstrjitte, it Noard en de Sulverstrjitte. Dêr hawwe wy Neeltje der útsetten. Yn de swarte balke stiet dêrom krekt in lyts stikje wyt.
Fierder oer de âlde dyk nei De Ryp en doe oer de grutte dyk fierder nei Ljouwert. Krekt foar njoggen oere wiene wy by de busgaraazje, mar it hat efkes tiid koste foar't wy te plak stiene. Der moast earst wat oar spul ferriden wurde foar’t ús bus op stâl koe. Op de swarte balke is noch krekt in pylkje omheech te sjen. Dêr waard wer riden, mar net lang, allinne efterút de garaazje yn.
De lytse streekjes op en del jouwe de riden kilometers oan; elk puntsje stiet foar fiif kilometer. Nei 't Neeltje útstapt is, om krekt foar healwei njoggenen steane der noch 5 puntsjes, dat binne de kilometers fan Frjentsjer nei Ljouwert. Foaral tusken acht en njoggen oere is dúdlik te sjen, dat de puntsjes omheech en omleech gâns fierder fan inoar ôf steane as tusken fiif en seis oere. Dat komt fan de folle legere snelheid as op de grutte dyk. Alle puntsjes op en del binne sa'n 81, want wy hawwe neffens de teller 407 kilometer riden (81 x 5 km).

Bitgum oan See, Jitze van der Meer

 

« Werom

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Boekebus wêr en wannear


14 novimber: Bussum (klik hjir foar in ferslach)

21 novimber: Leien (klik hjir foar in ferslach)

28 novimber: De Haach (klik hjir foar in
    ferslach fan Neeltje Bonnema en hjir foar in
    ferslach fan Jitze van der Meer) 

amomedia.nl © 2010