Ferslaggen

Mei it Fryske Boek nei De Haach, 28 novimber 2009

Pleatst op: 1 december 2009 om 21:05

plaatsjeOm ’t ik in dei fan tefoaren al yn De Haach wie hoegde ik net moarns betiid mei de bus mei. Dat wie noflik fansels. Yn de bus oankommen krige ik fuort kofje mei sûkerbôle fan Henderika Buursma, ús kassier en Jitze van der Meer, de sjauffeur. It rûn net stoarm mei klanten, oer de dei sa ’n tritich minsken. De bus stie op in oar plak as oars en dêrtroch binne guon minsken miskien wat op ‘e doele rekke.

Afke Bergsma, fan de Fryske Krite ‘Rjocht en Sljucht’ wie de hiele dei oanwêzich, Douwe, ek fan de Krite, in grut part fan de dei. Hja fertelden oer de aktiviteiten fan de krite en koene alle besikers dy ’t yn de bus kamen, persoanlik. Der binne likernôch sa’n 130 leden, ferspraat oer de stêden en doarpen om De Haach hinne.
Op in stuit kamen der twa steltsjes yn de bus, de manlju foarop. Doe ’t se my seagen wie it: ‘He, in Bonnema.’ Ik moast even tinke mar doe wie it al gau dúdlik. De beide mannen kamen fan Easterbierrum en wennen foarhinne ek oan de seedyk. No wienen se mei har fjouweren in lang wykein nei De Haach en woenen even yn de bus sjen. Ik tocht gau in boekje te ferkeapjen fan ‘Duveldrek nei Hoarnestreek’ mar dat hienen se al. Dat boekje is skreaun troch Jetske Bilker, Mindert Wijnstra en Neeltje Bonnema. As ik it goed haw binne dêr trije en fan myn eigen ferhalebondel Rachlan twa ferkocht.
Der kaam ek in jong steltsje mei in lyts berntsje, sy Frysk, hy Nederlânsk, mar wol in boekje kocht foar de lytse om foar te lêzen. Sa is der likegoed foar sa ‘n € 800,- oan boeken ferkocht. De klanten kamen beslein op it iis en wisten wat se hawwe woenen. Nei ienen hat der net folle klandizy mear west, neffens de kriteleden gyng it no dúdlik achterút yn fergelyk mei oare jierren. Dat is spitich mar wy hawwe likegoed in moaie dei hân.
Op ’e weromreis wie der op de oare helte fan de ôfslútdyk in ûngemak, wy sieten heech en dreech yn de Fryske Boekebus. Feilich thúskommen nei in lange dei en Jitze hat my suver foar de doar ôfset, dat koe net better.

 

Neeltje Bonnema

« Werom

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Boekebus wêr en wannear


14 novimber: Bussum (klik hjir foar in ferslach)

21 novimber: Leien (klik hjir foar in ferslach)

28 novimber: De Haach (klik hjir foar in
    ferslach fan Neeltje Bonnema en hjir foar in
    ferslach fan Jitze van der Meer) 

amomedia.nl © 2010