It Fryske Boek om utens: Leiden, 21 novimber 2009
Pleatst op: 24 november 2009 om 12:35
"Mot je soms een ram foor je kop!"
Mei dy wurden waard ik yn Leiden ferwolkomme troch in kreamhâldster dy’t stroopwafels ferkocht. Op it plak dat ús tawiisd wie, stie in auto parkeard, dat wy koenen ynearsten de bus oars net kwyt as neist har kreamke en dat wie har min nei it sin. Ik wit eins net wêrom, mar hoe dan ek, it gong fuort fan it boppeste buordsje. Se woe al daliks de plysje belje. Doe’t ik wat kiezzich reagearre, kaam dy raam foar de kop.
Nei dat tumultueuze begjin fierder in rêstige dei, al hoe drok it yn Leiden ek wie: de yntocht fan Sinteklaas en in strieljende sinnedei. Gjin hjerst of iere winter mar neisimmer. De terrassen sieten grôtfol. Yn de strjitten koe men oer de koppen rinne. Oan ’e iene kant dus in soad drokte, oan de oare kant in rispinge dy’t wol better koe, om it mar ris op syn Frysk út te drukken: oer de hiele dei ferspraat sa’n fjirtich besikers yn de Fryske boekebus. Achtentweintich dêrfan kochten ien of mear boeken, meiïnoar foar in bedrach fan € 910,-. Fan myn nije prachtboek It piipjen fan de proai ferkocht ik der ien. En noch in eksimplaar fan it boekewikegeskink De stien, skreaun yn gearwurking mei Baukje Wytsma.
Seis oere moarns gong ik fan hûs, njoggen oere jûns wie ik wer thús. Bedrige mei de plysje en in slach foar de harsens. Oardel boek ferkocht. Fryske literatuer, je moatte der wat foar oer ha. Mar it belangrykste is fansels dat ik twa hiel aardige minsken kennen leard ha: sjauffeur Harm Krikke en kassière Hitty van der Hout. En skrale treast: der wie der ien dy’t mei in plastic taske mei twa boeken fan my nei de bus tein wie om in hantekening. Sa fielt it dus om beroemd te wêzen.
Sjoerd Bottema
NB: Corrie Grijpma hat út namme fan de Fryske Krite yn Leien by de gemeente in klacht yntsjinne oer it hâlden en dragen fan de kreamhâldster mei it koarte lontsje. Nettsjinsteande har hannel yn sjerpwafels hat hja blykber noch nea heard dat krekt mei sjerp mear te berikken falt as mei jittik (red.)