Ferslaggen

Mei It Fryske Boek nei Bussum

Pleatst op: 16 november 2009 om 14:40

Alhoewol’t freed de trettjinde in dei efter ús lei, gie der yn it begjin noch it ien en oar mis doe’t wy mei de boekebus op reis soenen. Troch in misferstân stienen moarns ier en betiid de sjauffeur en de kassier op ’e Suderkrúswei te wachtsjen, wylst de skriuwer op ’e Appollowei it selde die. Mar op it lêste momint kaam alles dochs noch goed en koe de reis nei it ‘bûtenlân’ oan gean.

plaatsjeYn Fryslân wie ’t moai waar, mar ûnderweis sette de loft hieltyd mear oan en doe’t wy Bussum ynrieden spielde it. Mar op it Wilhelminaplein kaam de Fryske flage al yn ’t sicht en inkele ‘feteranen’ stienen ús al op te wachtsjen. Redsum setten kassier Albertsje Schra en sjauffeur Lolke Jeltema de boel teplak, wylst de skriuwer him efter it taffeltsje deljoech mei dêrop in mannich romans en de skriuwersynformaasje. De pinne yn ’e oanslach, de lju koenen mar komme. En se kamen en hoe! De mominten dat der gjin folk yn ’e bus wie, wienen op ’e fingers fan íén hân te tellen.
Fansels moat alderearst frou Pertrov neamd wurde, dy’t ús sa as altyd wer bedoar mei sop en pankoeken. Jelle Yntema, de foarsitter fan de Fryske krite, wie suver net út de bus wei, hy kaam hieltyd werom en dat jilde ek foar oare Fryske pommeranten.
De skriuwer Simen Oetie, dy’t yn dy omkriten húsmannet, kaam ek noch del mei in freondinne út Israel, dy’t tige fernuvere wie doe’t se seach hoe’t wy yn Fryslân (en dêrbûten) boeken oan ’e man brochten.
plaatsjeSokke dagen binne krekt sa aardich omdat jo faak alhiel ûnferwachte minsken moetsje. Sa die bliken dat in goede klant in eardere buorjonge fan de skriuwer syn pake en beppe wie, dy’t beiden al jierren wei binne. De buorjonge wie in âldere man wurden…
In jongkeardel mei twa berntsjes stapte de bus yn, berntsjes dy’t moai suver Frysk praten. Dat ferwachtsje jo fuortdaliks net yn Hollân. Nei wat hinne en wer gepraat kaam foar ’t ljocht dat de âlders fan de jongkeardel kunde fan de skriuwer wie dy’t twa kilometer fan him ôfwennen. Dan sjogge jo dochs wol frjemd om jo hinne…
Sa njonkenlytsen waard it droech en kaam sels de sinne der noch eefkes by. Dat kaam moai út want frou Petrov woe ús foar de bus noch op ’e foto sette. Foar’t wy der erch yn hienen wie it al wer fjouwer oere en moast de boel ynpakt wurde. Wy namen ôfskie fan dy golle en freonlike minsken dêr yn Bussum, dy’t och sa hopen dat wy it oare jier wer komme soenen.
En, om earlik te wêzen hopen wy dat ek, want wy koenen werom sjen op in gesellige en tige learsume dei.

Rommert Tjeerdsma

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Boekebus wêr en wannear


14 novimber: Bussum (klik hjir foar in ferslach)

21 novimber: Leien (klik hjir foar in ferslach)

28 novimber: De Haach (klik hjir foar in
    ferslach fan Neeltje Bonnema en hjir foar in
    ferslach fan Jitze van der Meer) 

amomedia.nl © 2010