Ferslaggen

Reisferslach nei De Haach, neffens de tachograaf

Pleatst op: 2 december 2009 om 17:30

Boekebussjauffeur Jitze van der Meer makke in hiel eigen ferslach fan de lêste reis om utens nei De Haach op 28 novimber. Net in ferhaal oer boeken, skriuwers en lêzers fan Fryske literatuer en Kriteleden mar in ferslach oan ‘e hân fan in tachograafskiif, in soarte fan tiidskriuwer foar frachtweinen. De skiif sit gewoanwei in soarte fan klok yn hast alle frachtweinen en bussen. Hy registrearret 24 oeren lang alle ‘bewegings’ fan it ferfiermiddel. De sjauffeur moat alle dagen as er út ein set in nije skiif yn de klok pleatse. Yn tsjinstelling ta de measte frachtweinen en bussen is dat by de boekebus net ferplichte.

Mear »

Mei it Fryske Boek nei De Haach, 28 novimber 2009

Pleatst op: 1 december 2009 om 21:05

Om ’t ik in dei fan tefoaren al yn De Haach wie hoegde ik net moarns betiid mei de bus mei. Dat wie noflik fansels. Yn de bus oankommen krige ik fuort kofje mei sûkerbôle fan Henderika Buursma, ús kassier en Jitze van der Meer, de sjauffeur. It rûn net stoarm mei klanten, oer de dei sa ’n tritich minsken. De bus stie op in oar plak as oars en dêrtroch binne guon minsken miskien wat op ‘e doele rekke.

Mear »

It Fryske Boek om utens: Leiden, 21 novimber 2009

Pleatst op: 24 november 2009 om 12:35

"Mot je soms een ram foor je kop!"Mei dy wurden waard ik yn Leiden ferwolkomme troch in kreamhâldster dy’t stroopwafels ferkocht. Op it plak dat ús tawiisd wie, stie in auto parkeard, dat wy koenen ynearsten de bus oars net kwyt as neist har kreamke en dat wie har min nei it sin. Ik wit eins net wêrom, mar hoe dan ek, it gong fuort fan it boppeste buordsje. Se woe al daliks de plysje belje. Doe’t ik wat kiezzich reagearre, kaam dy raam foar de kop.

Mear »

Mei It Fryske Boek nei Bussum

Pleatst op: 16 november 2009 om 14:40

Alhoewol’t freed de trettjinde in dei efter ús lei, gie der yn it begjin noch it ien en oar mis doe’t wy mei de boekebus op reis soenen. Troch in misferstân stienen moarns ier en betiid de sjauffeur en de kassier op ’e Suderkrúswei te wachtsjen, wylst de skriuwer op ’e Appollowei it selde die. Mar op it lêste momint kaam alles dochs noch goed en koe de reis nei it ‘bûtenlân’ oan gean.

Mear »

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Boekebus wêr en wannear


14 novimber: Bussum (klik hjir foar in ferslach)

21 novimber: Leien (klik hjir foar in ferslach)

28 novimber: De Haach (klik hjir foar in
    ferslach fan Neeltje Bonnema en hjir foar in
    ferslach fan Jitze van der Meer)