Anders Rozendal

Skriuwersynformaasje oer Anders Rozendal 
skriuwersportretAnders Rozendal (1946, Easternijtsjerk) wie foar syn fyftichste jier nea fan doel om in bydrage te leverjen oan de Fryske literatuer, ek al hie hy wat dat oanbelanget in goed foarbyld yn de famylje. Syn pake, Anders Minnes Wybenga, wie dichter, romanskriuwer en mei-oprjochter fan de KFFB (Utjouwerij en boekeclub: Kristlik Fryske Folksbibleteek).
Dochs brocht in oprop yn it Friesch Dagblad, om in koart ferhaal op te stjoeren, him op it idee it ris te besykjen. Dat inisjatyf pakte geunstich út. It deiblêd frege him doe om foar de krante, ien kear yn de fiif wiken in ferhaal te skriuwen. It logyske ferfolch foar Rozendal wie doe om ek ris oan in roman te begjinnen. Yn 2001 debutearre hy by de KFFB mei: De muorre.
Rozendal is sûnt 2001 in produktive skriuwer wurden. Oant no ta ferskynt alle jierren in nije roman fan syn hân. Yn 2002 lei: Grinzen foarby, yn de boekwinkel. Yn 2003 waard, De baas traktearret útjûn, in ferhaal, ynspirearre op de wurkomstannichheden by it elektroanikabedriuw Philips yn Drachten, dêr't Rozendal sels ek wurke hat. In jier letter skreau hy: Alles yn 'e macht, in ferhaal foar in breed lêzerspublyk. Yn 2005 ferskynde de detektive: Moard oan 'e Monsmawei, yn 2006 de jeugdroman: Dy jonge fan Beintema en yn 2007: It paad fan de foks. Koartlyn kaam syn nijste boek út: Under de sinne fan de Ivige, in bibelske, âldtestamintyske roman. In wichtich tema yn it ferhaal is de wriuwing tusken de ferskate godstsjinsten, in ûnderwerp dat hjoed de dei noch hieltyd aktueel is.

Kalinder

Tiisdei 1 maart, 20.00 oere
Moanne-jûn, in poadium foar skriuwers, lêzers en tinkers
Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert

mear >>

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Skriuwersynformaasje

Mear witte oer de skriuwer? Klik op de namme

Rommert Tjeerdsma (komt yn Bussum)

Sjoerd Bottema  (komt yn Leien)

Neeltje Bonnema (komt yn De Haach)

amomedia.nl © 2010