Boekebus om utens


plaatsjeOp fersyk fan Fryske Kriten om Utens reizget yn novimber 2009 de Fryske Boekebus in tal sneonen nei plakken bûten Fryslân. Alle kearen giet in bekende Fryske skriuwer of dichter mei om syn of har wurk te sinjearjen. Yn 'e bus binne de nijste Fryske boeken te finen foar jong en âld. Mar ek boeken oer Fryslân, oer de skiednis fan de provinsje, gemeenten, stêden ensfh. en ynformaasje oer rekraasje, bygelyks fyts- en kuierrûtes. Fierder ek cd's, dvd's en fideo's. Om Frysk te learen kinne wurdboeken en kursusmateriaal oanskaft wurde of der is ynformaasje oer Fryske kursussen.
Ek kinne klanten yn de Boekebus profitearje fan de spesjale oanbiedings foar de Sutelaksje. Dat jildt ûnder oare foar de Fryske Skriuwerskalinder mei it tema wat oars en it Aksjeboek foar bern Mem, wat ite wy hjoed?
Kom yn 'e bus! Sjoch wat der oan nije boeken op de planken stiet. Boppedat steane taskes mei ynformaasje oer literêre tydskriften, it tydskrift BOEK, it program fan de Fryske teaterorganisaasje Tryater ensfh. foar elk klear!

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje
Mear witte? Klik op boppesteand logo.

Fryslân Lêst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Boekebus wêr en wannear


14 novimber: Bussum (klik hjir foar in ferslach)

21 novimber: Leien (klik hjir foar in ferslach)

28 novimber: De Haach (klik hjir foar in
    ferslach fan Neeltje Bonnema en hjir foar in
    ferslach fan Jitze van der Meer) 

amomedia.nl © 2010