Trije skriuwers nominearre foar Simke Kloostermanpriis
Pleatst op: 4 maart 2010 om 10:39
Trije skriuwers fan Fryske berneboeken binne nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2010. Dat binne Lida Dykstra, Hanneke de Jong en Mindert Wijnstra. De sjuery, diskear besteand út Douwe Kootstra, Alie Douma en Folkert de Jong, makket de winner op 8 maaie bekend, lykas wenst yn de tsjerke fan Twizel.
Lida Dykstra waard nominearre foar har boek Spegelspreuk, Hanneke de Jong foar Salsafamke en Mindert Wijnstra foar De stilte fan Joachem. De sjuery beneamde dy trije ta de toppers fan de Frysktalige berne- en jongereinboeken dy't de lêste trije jier ferskynden. De sjuery stelde ek fêst dat der de ôfrûne jierren in protte goede Fryske berneboeken skreaun binne. De trije nominearre boeken springe der neffens harren dochs wol boppe út op grûn fan tematyk, komposysje, styl en djipgong.
It Simke Kloostermanlien stelt ien kear yn de trije jier de priis beskikber. It prizejild is diskear ferhege fan € 1.750,- nei € 3.000,-.

