Nederlânske ôfdieling Buro foar Lytse Talen selsstannich fierder
Pleatst op: 3 maart 2010 om 14:03
It bestjoer fan European Bureau for Lesser Used Languages (EBLUL) hat op moandei 1 maart bekend makke dat de organisaasje dit jier ophâldt fan bestean. It bestjoer fan dy Europeeske organisaasje foar minderheidstalen hat dat besletten omdat it finansjele draachflak ûnder de organisaasje te lyts wurden wie om troch te gean.
EBLUL is yn 1985 oprjochte op inisjatyf fan it Europeesk Parlemint en waard ek jierrenlang stipe troch de provinsje Fryslân. De lêste edysje fan it jierlikse EBLUL-kongres Partnership for Diversity wie de ôfrûne hjerst yn Ljouwert. EBLUL hat in fearnsieu warber west as lobby-organisaasje foar de Europeeske minderheidstalen lykas it Baskysk, it Frysk, it Welsk en in soad oare talen, lykas it Ladinysk, it Sorbysk en it Bretons. Njonken it lobbywurk waarden jierrenlang saneamde stúdzjereizen organisearre, dêr't ek in soad Friezen oan meidien hawwe, en konferinsjes oer minderheidstalen. EBLUL is yn finansjeel swier waar rekke, doe't de Europeeske kommisje in pear jier lyn de finansjele stipe oan de organisaasje ynluts.
De Frysk/Nedersaksyske ôfdieling fan EBLUL, it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn Ljouwert, praat op tiisdei 9 maart oer de ûntstiene situaasje. It EBLT is fan doel om de aktiviteiten troch te setten yn oparbeidzjen mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan de Fryske Akademy. By it EBLT, in selsstannige feriening, binne tsientallen Fryske én Nedersaksyske organisaasjes oansletten, dy't mei-inoar opkomme foar minderheidstalen yn Nederlân en Europa. De leden fan it EBLT hawwe útsprutsen dat sy dit netwurk sa weardefol fine, dat se hjir graach fierder mei wolle. It Mercator Europeesk Kennissintrum is nei alle gedachten in mear as folweardich alternatyf foar it de lêste jierren slim útklaaide EBLUL.
Fryslân hat net swak byspile yn de kleurrike skiednis fan EBLUL. Noch sterker: Fryslân wie der fan begjin ôf oan by en hat ek in tige aktive rol spile yn de ferskate EBLUL-programma's, of it no giet om Euroskoalle, de ferneamde stúdzjebesites, de tsientallen konferinsjes of it parseburo Eurolang. Mei troch it baanbrekkend wurk fan EBLUL binne gearwurkingsferbannen en netwurken ûntstien dy't der oars net west hienen. Mei oare wurden: it is eins oan EBLUL te tankjen dat it wurk ta stipe fan minderheidstalen ek sûnder EBLUL fuortset wurde kin. De leden fan it EBLT hawwe earder al oanjûn dat se graach fierder wolle yn oparbeidzjen mei it Mercator Kennissintrum, al sil dat mooglik ûnder in oare namme wêze. De leden fan it EBLT beprate de nije situaasje op de ledegearkomste fan tiisdei 9 maart yn it gebou fan Omrop Fryslân.

