Moanne fan it Fryske Boek.
Pleatst op: 11 maart 2010 om 08:56
It Fryske Boek besleat yn 2009 nei 38 jier mei de Sutelaksje op te hâlden. De eigentlike taak fan de stichting: de promoasje fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt lykwols mei nij elan oppakt. No’t It Fryske Boek dwaande is mei in yntegraasje-trajekt mei Tresoar is it ek it momint om ris goed nei te tinken oer in tal oare aktiviteiten dy’t wy útfierden.
Ien fan dy aktiviteiten wie de organisaasje fan de Fryske Boekewiken: in aksjeperioade dy’t op fersyk fan de boekhannelers yn de provinsje fóár de lanlike boekewike út hâlden waard, jierliks ein febrewaris / begjin maart. Yn oerlis mei útjouwers, boekhannelers, skriuwers, bibleteken en oare belutsenen is no besluten om nije aksjes yn de steigers te setten’.
Moanne fan it Fryske boek
Sa is it doel om septimber ta Moanne fan it Fryske boek út te roppen. Yn dy moanne moat it rûnom gûnzje fan aktiviteiten dy’t op ien of oare wize te krijen ha mei Fryske boeken of boeken oer Fryslân. It wurdt in moanne mei in offisjele start en ôfsluting. Fansels sille dêrby de eardere suksefolle aktiviteiten lykas de literêre programs yn bibleteken en de útjefte fan it Boekewikegeskink wer folslein meidraaie.
Ynspiraasjejûnen
Om de organisaasje goed op te setten wol It Fryske Boek / Tresoar graach oerlizze mei minsken dêr’t wy yn de ôfrûne jierren mei gearwurke ha; minsken dy’t entûsjast en ynspirearre binne om mei ús nei te tinken oer hoe’t je it lêzen fan Fryske boeken stypje kinne. Ek oaren dy't konstruktyf meitinke of -prate wolle binne fan herten wolkom. Fjouwer fan dy saneamde ynspiraasje- of breinstoarmjûnen wurde yn bibleteken holden. Dat sil wêze op
11 maart yn de bibleteek fan Drachten om 19.30 oere (Museumplein 1)
16 maart yn de bibleteek fan Frjentsjer om 19.30 oere (Martiniplantsoen 41)
22 maart yn de bibleteek fan Dokkum om 19.30 oere (Brokmui 62)
24 maart yn de bibleteek fan Balk, om 20.30 oere (Dûbelstrjitte 1A).
Foar neier ynformaasje, fragen of oanmelden foar de jûnen kinne jo e-briefkje mei janny.bottema@tresoar.nl of skilje nei 058-7890789.

