Aktueel

Iepen hűs fan ferboud en fernijd Tresoar

Pleatst op: 12 maart 2010 om 13:35

plaatsjeIt Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar hâldt Iepen hûs. Oanlieding foar dy manifestaasje is it dien meitsjen fan in ynterne ferbouwing fan de publyksromten fan Tresoar. De stúdzjeseal en hal hawwe in yngripende metamorfoaze trochmakke en de lêzingeseal krige in museale funksje.  Nij is de ynrjochting fan in filmkammenet dêr’t de kolleksje fan it Frysk filmargyf toand wurdt.

Op de iepen dagen binne der ferskate aktiviteiten. Der wurde rûnliedings troch de depots organisearre; in part fan de skatten fan Tresoar kin besjoen wurde. Der is in ynformaasjemerk mei diskes fan organisaasjes dêr’t Tresoar de lêste jierren in soad mei gearwurke hat. Middeis binne der lêzings en op ’e stúdzjeseal kinne besikers ynformaasje krije oer de ûndersyksmooglikheden by Tresoar.

Fryslânkwis promininten
Op sneon 20 maart is der om 15.00 oere de Fryslân-kwis. Piter Wilkens, Marco Florijn, Thea Koster, Hylke Speerstra, Bertus Mulder, Melvin van Eldik, Remon de Jong  en  Gryt van Duinen sille yn twa teams befrege wurde oer harren kennis fan Fryslân. It publyk kin aktyf meidwaan oan dy kwis.
Bern kinne sneon ûnderfine hoe’t it is om op in Romeinsk skriuwtafeltsje te skriuwen. Fierder is der de mooglikheid om mei in guozzefear te skriuwen, in ansichtkaart te ûntwerpen en in foto yn âlde klean meitsje te litten.

Boekeferkeap
It Fryske Boek hâldt op de beide iepen dagen in útferkeap fan boeken út it eardere magazyn fan de Sutelaksje. Foar in lyts pryske geane nije, âldere en antikwaryske boeken oer de toanbank. It giet om proaza, poëzij, berneboeken, ynformative boeken en sa mear. Ek wurdt in foarrie Frysktalige cd's te keap oanbean. 
Sneontemiddeis wurdt de priiswinner bekend makke fan de fotowedstriid dy’t Tresoar earder útskreau. Goed 650 foto’s binne de ôfrûne moannen ynstjoerd op de oprop fan Tresoar om de eigen leefomjouwing fêst te lizzen. Alle foto’s binne op de iepen dagen te besjen.

Reve-útstalling
De útstalling oer Reve yn Fryslân is te besjen en dy syn beide freonen út dy perioade, Teigetje en Woelrat, binne op de beide dagen oanwêzich om tajochting te jaan by de foto-útstalling fan Reve yn Greonterp.

It Iepen Hûs fan Tresoar is op 20 en maart, beide dagen fan 13.00 -17.00 oere. It folsleine program stiet op it webstee fan Tresoar

« Werom

Moanne fan it Fryske boek

plaatsje

Fryslân Lęst Syn Toppers

Fryslân Lêst Syn Toppers is in inisjatyf fan:

  • Bibliotheekservice Fryslân
  • It Fryske Boek
  • Tresoar

It projekt is finansjeel mooglik makke troch:

  • VSB-Fonds
  • Stichting Lezen
  • Stichting FLMD
  • Stichting Woudsend 1816

Sjoch foar mear ynformaasje op:

Harkboeken

Foar Fryske hakboeken 
klik op Audiofrysk.nl