Fryske fertellers op Titelroazemerk yn Boazum
Pleatst op: 17 maart 2010 om 15:44
Tresoar en de Stichting It Fryske Boek/Stichting It Fryske Berneboek presintearje harren net allinne op de Iepen dagen yn it gebou oan de Bûterhoeke 1 te Ljouwert, mar ek op de Titelroazemerk yn Boazum. De ferneamde Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Auck Peanstra fertelle dêr de middeis Húskeamerferhalen, foar folwoeksenen en foar bern.
- Hylke Speerstra is bekend fan ûnder oaren It wrede paradys, De oerpolder, Op redens oer en Kening op sokken. Op 14 april wurdt It wrede paradys-It Ferfolch útbrocht, mei nije ferhalen oer emigranten.
- Auck Peanstra is bekend fan ûnder oaren har berneboeken Yn piama de dyk oer, Fertelle fan Jelle, Jan en Jeltsje, Frjemde kluchten, Skytmerakels en Tomkeboekjes. Har nijste boek mei ferskes en opsisferskes Krûpelhintsjes is útroppen ta Printeboek fan it jier 2010.
De beide skriuwers fertelle harren ferhalen twa kear yn de húskeamer fan It Lyts Bûthús (kadowinkel) oan de Yndyk 5 by Boazum, earst om 12.00 oere en de twadde kear om 15.00 oere.

