Boekefeest yn Boalsert
Pleatst op: 23 februari 2010 om 14:30
De Stichting Cepher, in inisjatyf fan de skriuwers Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, organisearret op sneon 6 maart in Boekefeest yn Boalsert. It feest yn de Boekewike bestiet út twa parten: de middeis yn it stedhûs fan Boalsert (ynrin om 16.30 oere) en de jûns yn kafee De Groene Weide (ynrin om 20.00 oere).
It middeisprogram bestiet út in fraachpetear oer Gerard Reve yn de riedsseal fan it stedhûs. Geart de Vries, âld-sjoernalist by Omrop Fryslân en tsjintwurdich direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden, ynterviewt keunsthistoarikus en skriuwer Huub Mous oer syn te ferskinen essayboek Gerard Reve en de secularisering. Dat is ûnder oare fia twitter te folgjen.
It Boekefeest wurdt de jûns yn kafee De Groene Weide fuortset. It program:
- Hans van der Heijde, skriuwer-politikolooch, lêst foar út syn (Nederlânsktalige) roman De Republiek (2009)
- Utrikken fan it earste eksimplaar fan de dichtbondel Op ’e kofje yn ‘e kosmos fan Jouke Hylkema, mei Huub Mous as pastoar Mous yn de hearlike Katja Schuurmans Opblaaspop-Oere
- Trio ‘Smots’ spilet ‘Dobby en de Kommandant’
- Willem Schoorstra, skriuwer fan ûnder oare Swarte Ingels (Fedde Schurerpriis 2005) lêst in kollum
- Bewegings- en ymprovisaasjeteater fan Jaap en Tjitske Ferwerda.
Skoft
- Elmar Kuiper, dichter-skriuwer en filmer lêst poëzij út ûnder oare syn lêste bondel Hechtzwaluwen (2010)
- Piet Gerbrandy, klassikus en dichter-kritikus (ûnder oare by de Volkskrant en de Groene Amsterdammer) lêst gedichten en komt op de tekst oer ‘de verstandhouding tussen de Friezen en de Anderen’
- Beweging- en ymprovisaasjeteater fan Jaap en Tjitske Ferwerda
Muzyk: Rebound Boogie Bent fan Hein Jaap Hilarides, mei in mystery guest en dj-dûnsmuzyk.
De presintaasje fan it jûnsprogram is yn hannen fan Nynke de Jong.

Mear ynformaasje: sjoch it webstee fan Cepher

