Aktueel

Twa letterenfûnsen fusearje

Pleatst op: 6 januari 2010 om 17:40

It Fonds voor de Letteren en het Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds fusearje mei yngean fan 1 jannewaris 2010 ta ien lanlik Nederlands Letterenfonds. Fan beide fûnsen, dy’t ek foar de Fryske skriuwers en literatuer fan grut belang binne, bliuwe foarearst alle besteande regelingen yn wêzen.

De juridyske fúzje fan de beide letterenfûnsen is no fêstlein en de bestjoeren binne yn ien mienskiplik bestjoer opgien. Dat wie de wichtichste stap yn it fúzjeproses. It Nederlands Letterenfonds kin no mei nij elan fierder mei it reguliere wurk: it stypjen fan Nederlânske en Fryske skriuwers en oersetters en de promoasje fan Nederlânske en Fryske literatuer yn it bûtenlân.
In stjoergroep, besteand út Ernst Bruinsma, Rien Verhoef, Greetje van den Bergh en Henk Pröpper (wurdfierder), begeliedt de fierdere gearwurking fan de beide organisaasje. Der sil in tal nije regelingen makke wurde, de meiwurkers fan de beide organisaasjes ferfarre nei ien nije húsfesting en der moat in nije hússtyl foar printwurk en de websites ûntwikkele wurde.
Oant it safier is kinne belanghawwenden noch op de bewende adressen en websites fan it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds en it Fonds voor de Letteren terjochte.

« Werom