Tsjębbe Hettinga skriuwt Gedichtedeibondel
Pleatst op: 25 januari 2010 om 13:10
De Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga skreau yn opdracht fan de Stichting Poëtry International Rotterdam en de Stichting Lezen Vlaanderen de Gedichtedeibondel. De twatalige bondel mei de titel Oan leech en Stêd Niks foarby / Aan schor en Stad Niks voorbij ferskynt op tongersdei 28 jannewaris, op de Lanlike Gedichtedei yn Nederlân en Flaanderen en is dan rûnom yn de boekwinkels te keap.
De lanlike Gedichtedei wurdt al wer foar de alfde kear holden. Dichters, bibleteken, boekhannelers en allegearre ynstellings dy’t mei literatuer te krijen hawwe besykje op de lêste tongersdei fan jannewaris de poëzij mei in tal aktiviteiten ûnder de oandacht te bringen.
De Lanlike Gedichtedei set yn Fryslân út ein mei in Dichtersmoarnsbrogge yn de Stedsskouboarch De Harmonie te Ljouwert. De dichters Tjitske Jansen en Driek van Wissen lêze út eigen wurk. De kabaretiers Gerben de Jong en Marijn Korver soargje foar in muzikaal yntermezzo. Fierder leveret, lykas wenst, de Ljouwerter Wiardaskoalle in poëtyske bydrage.
