Op Nasjonale Gedichtedei mei poëzij de grins oer
Pleatst op: 26 januari 2010 om 15:35
De alfde Nasjonale Gedichtedei, op tongersdei 28 jannewaris, krijt as tema mei: oer de grins. Oeral wurde aktiviteiten organisearre dêr’t de poëzij ûnder de oandacht fan de lêzers brocht wurdt. Sa geane dichter Bartle Laverman, Theo Kuipers (Tresoar) en Wieke de Haan (It Fryske Boek) op reis mei de trijetalige dichtbondel Gjin grinzen de reis.
It trio stapt om 8.33 oere yn Snits-noard yn de trein, rjochting Ljouwert. Foar Bartle Laverman is it tongersdeis in wenstige reis nei syn wurk yn Grins. Mar op dizze Lanlike Gedichtedei bart der wat bysûnders. Tresoar en It Fryske Boek stelle de trijetalige dichtbondel gjin grinzen de reis sintraal. It trajekt dat mei de trein ôflein wurdt, is mei opsetsin útkeazen omdat dichter Bartle Laverman ûnderweis in gedicht út de bondel foardraacht, dat oer stasjon Mantgum giet, in plak tusken Snits-noard en Ljouwert yn.
Alle reizgers dy’t yn deselde kûpee sitte as de dichter krije op de treinreis de dichtbondel oanbean. Achteryn it boek is in cd opnommen dêr’t alle gedichten út it boek op ynsprutsen binne troch de dichters sels. De bondel hat oersettings yn ’t Nederlânsk en it Ingelsk en jout ynformaasje oer de dichters waans fersen yn it boek steane.
Yndertiid hat Gjin grinzen, de reis fan útjouwerij Cepher de Fryske boekefoarmjouwerspriis ‘De liuweprint’ krige om syn eigenwize foarmjouwing.
Sawat tagelyk wurde yn skouboarch De Harmonie, nei ôfrin fan it ‘dichtersontbijt’, de bondels Gjin grinzen, de reis oanbean oan de besikers. Op dy wize wurdt in Fryske ynfolling oan de Lanlike Gedichtedei jûn.
Op it webstee fan Tresoar sil op Gedichtedei ek ekstra omtinken oan poëzij skonken wurde.
Foar ynformaasje oer mear aktiviteiten klik hjir
