Aktueel
Moanne fan it Fryske Boek.
Pleatst op: 11 maart 2010 om 08:56
It Fryske Boek besleat yn 2009 nei 38 jier mei de Sutelaksje op te hâlden. De eigentlike taak fan de stichting: de promoasje fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt lykwols mei nij elan oppakt. No’t It Fryske Boek dwaande is mei in yntegraasje-trajekt mei Tresoar is it ek it momint om ris goed nei te tinken oer in tal oare aktiviteiten dy’t wy útfierden.
Mear »
Trije skriuwers nominearre foar Simke Kloostermanpriis
Pleatst op: 4 maart 2010 om 10:39
Trije skriuwers fan Fryske berneboeken binne nominearre foar de Simke Kloostermanpriis 2010. Dat binne Lida Dykstra, Hanneke de Jong en Mindert Wijnstra. De sjuery, diskear besteand út Douwe Kootstra, Alie Douma en Folkert de Jong, makket de winner op 8 maaie bekend, lykas wenst yn de tsjerke fan Twizel.
Mear »
Nederlânske ôfdieling Buro foar Lytse Talen selsstannich fierder
Pleatst op: 3 maart 2010 om 14:03
It bestjoer fan European Bureau for Lesser Used Languages (EBLUL) hat op moandei 1 maart bekend makke dat de organisaasje dit jier ophâldt fan bestean. It bestjoer fan dy Europeeske organisaasje foar minderheidstalen hat dat besletten omdat it finansjele draachflak ûnder de organisaasje te lyts wurden wie om troch te gean.
Mear »
Boekefeest yn Boalsert
Pleatst op: 23 februari 2010 om 14:30
De Stichting Cepher, in inisjatyf fan de skriuwers Eeltsje Hettinga en Elske Schotanus, organisearret op sneon 6 maart in Boekefeest yn Boalsert. It feest yn de Boekewike bestiet út twa parten: de middeis yn it stedhûs fan Boalsert (ynrin om 16.30 oere) en de jûns yn kafee De Groene Weide (ynrin om 20.00 oere).
Mear »
Rink van der Velde-priis foar Arjen Terpstra
Pleatst op: 20 februari 2010 om 16:55
Skriuwer Arjen Terpstra krige op 17 febrewaris 2010 de Rink van der Velde-priis foar syn debútroman De hearen fan Fryslân. Boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân rikte de twajierlikse priis, in reliëf yn stien fan byldhouwer Anne Woudwijk en in jildbedrach fan € 1.350,- , út yn it gemeentehûs fan Smellingerlân.
Mear »
1
2
3
4
5
6
...
16
volgende»